Wêr rinne je tsjinoan as je as asylsiker yn Nederlân telâne komme. Dy fraach stiet sintraal yn de foarstelling ‘Pannekoeken uit Syrië’, dy’t snein spile waard op it azc yn Sint-Anne. Tsientallen bern, net allinne fan it sintrum mar ek út doarpen út de omjouwing, wiene derby. It stik, mei humor en in serieuze ûndertoan, sil yn hiel Nederlân opfierd wurde […]”.
Omrop Fryslan



